66 Hyngjend yn e line

Berne oan board, bûn oan it skip; Hingjend yn ‘e line.
Mei honger yn ’t liif, gjin jild yn ‘e knip; Hingjend yn ‘e line.
Seis kante meter, in roefke is near;
de takomst leit fêst, de takomst is klear.
Farre mei stront, lyk yn ‘e wyn, Hingjend yn ‘e line.

Iis yn ‘e feart, it skip oan ‘e kaai; Hingjend yn ‘e line.
Oan ’t wurk foar in baas, wachtsjend op tei; Hingjend yn ‘e line.
Yn ‘e winter ’t fabryk, yn ‘e simmer de line;
op ‘e beurs in toer in frachtsje te finen.
Farre mei stront, lyk yn ‘e wyn, Hingjend yn ‘e line.

Foar de skipper fan doe in skeamel bestean; hingjend yn ‘e line.
In bealich fol wurk, in suterich lean; hingjend yn ‘e line.
De fracht is feroare foar de skipper fan hjoed,
en hij hat ek mear as it skip op ‘e noed.
Farre mei stront, lyk yn ‘e wyn, Hingjend yn ‘e line.

In skip ûnder seil is net achterhelle; Hingjend yn ‘e line.
Foar oalje wurdt al tefolle betelle; Hingjend yn ‘e line.
Net inkeld yn jild mar ek oan natoer;
wynenerzjy is skjin en net djoer.
Farre mei stront, lyk yn ‘e wyn, Hingjend yn ‘e line.

De kop yn ‘e wyn, foar guon is ’t in driuwen; Hingjend yn ‘e line.
Om hieltiid mar oan yn ‘e silen te bliuwen; Hingjend yn ‘e line.
Se hingje yn ‘e line, rjochtút sûnder rêst;
der is gjin werom, de koers dy leit fêst.
Farre mei stront, lyk yn ‘e wyn, Hingjend yn ‘e line.